Skea foar hoareka op Kelders

© Omrop Fryslân
Hoareka-ûndernimmers mei in bedriuw oan De Kelders yn Ljouwert binne bang dizze simmer in soad omset mis te rinnen.
De gemeente begjint nije wike mei de renovaasje fan de eardere bierkelders en hat oanjûn dat it wurk aardich útrinne sil. De hoarekasaken binne dan min te berikken. Der is ek gjin romte foar terrassen. Dêrtroch rinne de hoarekasaken in soad jild mis, tinke se. It wurk is nei ferwachting mids novimber klear.