Saak-Jolanda foar Tuchtkolleezje

© Omrop Fryslân
It Medysk Tuchtkolleezje yn Grins behannele tongersdei de saak-Jolanda Venema. De geastlik handikapte frou ferstoar yn 1999. Neffens har heit en mem hat se ferkearde medisinen krigen.
Fjouwer spesjalisten fan it sikehûs yn Drachten, in ferpleechkundige fan Maartenswouden en in húsarts moatte harren ferantwurdzje. Jolanda waard bekend troch in foto wêrop't se bleat oan 'e cv fêstbûn wie. De útspraak is op 7 juny.