Van der Wal riidt Parys-Roubaix

© Omrop Fryslân
Eelke van der Wal docht snein foar it earst mei oan 'e wrâldbekerwedstriid Parys-Roubaix. De 'Hel fan it Noarden' is 260 km lang. Dêrfan fytse de renners 50 km oer de kasseien. De 23-jierrige Holwerter sit by de ploech fan 'e Bankgiroloterij fan Jelle Nijdam.
Sneon stiet de ronde fan Drente op it program. Dan sil Pieter Weening fan 'e Harkema foar de earste kear los dit seizoen. Syn knibbelblessuere is fierhinne oer.