Noarden: minder sikehûsdeaden

© Omrop Fryslân
Yn sikehuzen yn it Noarden stjerre minder minsken as yn oare sikehuzen yn Nederlân. Dat hat ûndersyksburo Prismant besifere. Fieders gean yn lytse sikehuzen yn ferhâlding minder minsken dea as yn grutte.
Sikehûs Talma Sionsberg is sa'n lyts sikehûs. Direkteur De Vries seit dat de lege mortaliteit ferskate oarsaken hat. Plattelânsbewenners libje sûner, belje minder gau mei de dokter en op it plattelân is in bettere mantelsoarch.