Dales: gjin ferhuzing op skip

© Omrop Fryslân
De nije boargemaster fan Ljouwert Geert Dales lit him net troch Ljouwerter skippers ferhúzje. De skippers hiene Dales ferline wike in yn brief oanbean om de âlde skippen te brûken foar de ferhuzing.
Dales skriuwt werom dat de skippen net by syn hûs yn Amsterdam komme kinne. Dan wurdt it wol hiel dreech. Boppedat hat er in stel hinnen en dy binne bang foar wetter, skriuwt Dales oan de skippers.