Fliet net slim fersmoarge

© Omrop Fryslân
De grûnfersmoarging oan it Fliet yn Ljouwert falt ta. Der is gjin gefaar foar de folkssûnens, seit de GGD. Op de Kop fan it Fliet komme apparteminten en en winkels. Dit jier set de bou út ein.
Omwenners koene harren woansdei ynformearje litte oer de grûn. Meiwurkers fan 'e gemeente Ljouwert sieten klear yn Tsjinstesintrum It Fliet om fragen te beantwurdzjen. Der kamen net mear as twa belangstellenden op ôf.