Fertochte stekpartij langer fêst

© Omrop Fryslân
De 14-jierrige fertochte fan de stekpartij ferline wike op praktykskoalle De Compagnie op It Hearrenfean bliuwt yn alle gefallen noch 30 dagen fêstsitten. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert woansdeitemoarn bepaald.
De 14-jierrige hat in 17-jierrige meilearling mei in mes stutsen. De jonge hat spyt fan syn died en wol graach prate mei it slachtoffer, sa seit syn advokaat, Petra Hoekstra.