Terrein De Lauwers wurdt opknapt

© Omrop Fryslân
De provinsje hat goed 275.000 euro beskikber steld foar it opknappen fan bedriuweterrein De Lauwers yn Surhústerfean. Mei it jild moat it mooglik wêze better gebrûk te meitsjen fan de rûmte. Dêrnjonken moat it terrein feiliger makke wurde en moatte ict-foarsjenningen ferbettere wurde.
Ek hat de provinsje jild oer foar it opknappen fan bedriuweterrein 'Tussen de Zijlroeden' yn Makkum. It giet om in bedrach fan 75.000 euro.