Boek Jetske Bilker yn't Hollânsk

07 apr 2004 - 00:00

Utjouwerij Bornmeer hat de rjochten foar in Hollânske oersetting fan 'Oar plak oare tiid' fan Jetske Bilker ferkocht oan útjouwerij Prometheus yn Amsterdam. 'Oar plak oare tiid' wie it Fryske boekewikegeskink fan dit jier. It boek wurdt oerset troch Jantsje Post en sil fan 't hjerst ferskine.

Prometheus is in literêre útjouwerij dy't sawat 200 titels jiers útbringt. Sy jouwe ûnder oaren wurk út fan Conny Palmen en Umberto Eco.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)