Ljouwert Culinair giet net troch

© Omrop Fryslân
It evenemint Ljouwert Culinair giet dit jier net troch. It festijn soe 4 en 5 juny yn de Prinsetún yn Ljouwert holden wurde. Om't de tún op dit stuit opnij ynrjochte wurdt, fynt de organisaasje dat der te min romte is foar kreamkes fan de dielnimmende restaurants.
Stichting Podium dy't simmers in rige festivals en konserten organisearje wol yn de Prinsetún, is ek ûntefreden. De Prinsetún wurdt yndield nei in ûntwerp fan arsjitekt Roodbaard út de 19e ieu.