Nije kommissaris SC Hearrenfean

07 apr 2004 - 00:00

SC Hearrenfean hat in nije kommissaris. It giet om de 46-jierrige Koos Formsma, yn it deistich libben direkteur fan in bedriuw yn Lelystêd. Formsma is ek fise-foarsitter fan it Hockeybûn. Hy hat ûnderfining yn de profesjonele topsport as sporter en as bestjoerder. Benammen dêrom is Formsma binnenhelle.

Neist Koos Formsma sitte ek Loek Hermans, Klaas de Leeuw, Bart van der Meer en Hans Wezenaar yn de ried fan kommissarissen fan SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)