Bussen opnij oanpast nei ûngemak

07 apr 2004 - 00:00

De kommende wiken moatte 219 bussen fan busbouwer Berkhof fan It Hearrenfean de kommende wiken werom nei de remize om't der op 'e nij in ynsidint west hat mei in doar. Freed rekke in sjauffeur yn Enschede ferwûne doe't er mei syn holle beknypt rekke tusken de busdoar.

Yn desimber rekke yn Almelo ek in sjauffeur beknypt. Dy kaam doe om it libben. De bussen binne doe oanpast, mar blykber net goed genôch. De bussen wurde no op 'e nij oanpast.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)