Trouwe op 'e mar yn Wymbrits
De gemeente Wymbritseradiel stimde tiisdei yn mei de mooglikheid om te trouwen op ien fan de Fryske marren. Dat jildt dan allinnich foar it wetter yn Wymbrits. Minsken mei trouplannen kinne dy dan ferwêzentlikje op bygelyks de Hegemermar of de Brekken.
Rûnfeartbedriuw Van der Werf út Snits tsjinne twa jier lyn ek al in fersyk yn by de gemeenten Snits en Skarsterlân. Mar dy wiisden doe de mooglikheid om te trouwen op it wetter ôf.