Krityk op plannen Frysk Museum

07 apr 2004 - 00:00

Frysk Museum-direkteur Van 't Veen krige tiisdei hurde krityk te hearren op in diskusjejûn oer it nije museum. Bliken die dat it legaat fan Bonnema foar hieltyd mear opskuor soarget.

Van 't Veen wol it hiele Frysk Museum ferpleatse. In protte minsken fine lykwols dat de histoaryske kolleksje op de Turfmerk bliuwe moat. Neffens dy kritisy moat op it Saailân in Keunsthal foar moderne keunst komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)