Frjentsjer ferliest universiteit

© Omrop Fryslân
Frjentsjer ferliest sa goed as wis wer syn universitêre festiging. Sûnt 1998 is dêr it Cartesius Ynstitút húsfeste yn it Martenahûs, as kennissintrum fan de Twentse universiteit.
De gemeente hat it hierkontrakt no per 1 oktober opsein. Doel is om it Coopmanshûs yn it histoaryske gebou te festigjen. Neffens de universiteit kin de gemeente net in ferfangende lokaasje biede mei likefolle alluere. It ynstitút siket no wat yn Ljouwert.