Ferkeap 'nederwiet' yn diskusje

© Omrop Fryslân
De ministers Donner fan Justysje en Hoogervorst fan Folkssûnens tinke oer in ferbod op de ferkeap fan 'nederwiet'. De ministers tinke dat it gehalte fan de wurksume stof THC yn wiet sa heech wurden is dat de softdrug yn feite no in harddrug wurden is.
Kofjeshops soene dan allinnich noch mar wiet en hasj ferkeapje meie mei in mindere kwaliteit en dy wurde net mear makke. Van Bergen fan kofjeshop De Os yn Ljouwert fynt it in bespotlik plan.