Iepenbiere skoalle Nes bliuwt

06 apr 2004 - 00:00

Foar in iepenbiere skoalle yn Nes op It Amelân is genôch draachflak. Dat docht bliken út ûndersyk fan de gemeente. Iepenbiere basisskoalle It Honnedún yn Nes hat no noch mar fjouwer learlingen. Dat komt om't in soad asylsikersbern it eilân ferlitten hawwe.

Om bestean bliuwe te kinnen, moatte der op syn minst 24 bern op skoalle sitte. Ut ûndersyk docht bliken dat âlders har bern wol nei de skoalle stjoere wolle as oan in tal betingsten foldien is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)