Wjerstân tsjin plan Alde Feanen

06 apr 2004 - 00:00

It ynrjochtings- en behearplan foar it Nasjonaal Park De Alde Feanen ropt in protte reaksjes op. Dat die moandei bliken op in ynformaasjegearkomste oer it plan. It grutste punt fan diskusje giet oer it foarstel om de Sytse Maaikesleat, de Aldwei en de Rânsleat ôf te sluten foar grutte motorboaten.

It plan is om der in stiltegebiet fan te meitsjen dêr't allinnich kano's en boatsjes mei in elektromotor farre meie. Tsjin dat plan is wjerstân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)