Dochs grêfstien foar asylsiker

© Omrop Fryslân
Flechtlingehelp Fryslân fynt dat der in bettere regeling komme moat foar ferstoarne asylsikers. Grêven binne yn 'e regel net mear as in anonime bulte sân, want foar in stien hat it COA gjin jild. De widdo fan 'e yn augustus yn Harns deastutsen asylsiker Giaz Karimi (33) fynt it ferskriklik. Har man leit op it hôf fan Sint Anne.
Syn grêf bliuwt net anonym, want stienhouwer Kuperus fan Boalsert stelt fergees in stien beskikber.