FCDF nimt Roemeensk bedriuw oer

05 apr 2004 - 00:00

Friesland Coberco Dairy Foods wol de Roemeenske konkurrint Napolact hielendal oernimme. Friesland Coberco besit no al de helte fan it Roemeenske bedriuw en docht in bod op de rest.

It Fryske suvelkonsern wol sa syn posysje yn de regio Transsylvanië fuortsterkje. By Napolact mei in jieromset fan 27 miljoen euro wurkje 1400 minsken. Der wurdt farske molke, tsiis en iss makke. Friesland Coberco is sûnt 2000 aktyf yn Roemenië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)