Fryske suvel yn Provinsjehûs

05 apr 2004 - 00:00

De FNP-steatefraksje pleitet foar it brûken fan Fryske biologyske suvel yn it Provinsjehûs. Neffens de FNP is dat de logyske konsekwinsje fan it eigen belied fan de provinsje. Dat belied hâldt yn dat it imago fan Fryske produkten befoardere wurdt en de lânbou fierder ûntwikkele.

De FNP fynt it frjemd dat it Provinsje- hûs net eigen Fryske produkten brûkt. De provinsje soe as lânbouprovinsje it goede foarbyld jaan moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)