Trije winkels Megapool ticht

© Omrop Fryslân
De 3 winkels fan elektroanikakonsern Megapool yn Ljouwert en Drachten binne ticht. Lanlik slute der 79 winkels. De wurknimmers binne dêr snein oer ynformearre. It giet min mei Megapool fanwege de konkurrinsje fan drogisterijen en boumerken dy't ek elektroanikaprodukten oanbiede.
Yn Snits en It Hearrenfean binne ek noch twa festigings fan Megapool. Om't dat franchise-ûndernimmingen binne, bliuwe dy foarearst iepen.