IFKS wol earder sile as SKS

05 apr 2004 - 00:00

It IFKS-skûtsjesilen wurdt fan 2005 ôf mooglik foar de wedstriden fan de SKS holden. It IFKS-bestjoer makket dy kar om't it better past by de fakânsje- planning fan skippers en bemanning. Boppedat soe de oandacht foar it evenemint dêrtroch tanimme kinne.

It IFKS-bestjoer wol fierder aparte regels foar skûtsjes om ûnder de nije Binnenschepenwet út te kommen. Neffens dy wet soene der foar de stabiliteit lytsere seilen komme moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)