Iselmar wurdt te skjin

© Omrop Fryslân
It miljeubelied fan de lêste jierren hat fan gefolgen dat der hieltyd minder fretten is foar swietwettermoksels, dûkeinen en fisk yn de Iselmar.
Neffens foarsitter Nooitgedagt fan it Fiskersbûn wurdt de Iselmar hieltyd skjinner, mar biedt dêrtroch ek minder kâns op libben. Benammen it werom- bringen fan fosfaat- en nitraatútstjit út waskmiddels soarget dat der minder algen yn de Iselmar foarkomme. Dy algen foarmje iten foar fisk en moksels.