Boartersguodspistoal krekt echt

© Omrop Fryslân
Yn Damwâld is sneontejûn in 52-jierrige man oanhâlden foar bedriging mei in pistoal. Yn Dokkum hie er dy middeis trije jongens ûnder skot hâlden. Letter oan it begjin fan 'e jûn die er it nochris by twa manlju. In tsjûge fertelde de plysje wa't de man wie en dêrnei waard er oppakt.
Bliken die dat it sjitark net echt wie. De man hie twa boartesguodpistoalen by him. Hy is dochs oerbrocht nei it plysjeburo yn Ljouwert.