Ferwûne by botsing yn Drachten

04 apr 2004 - 00:00

In 64-jierrige automobiliste út Drachten is sneon ferwûne rekke yn har wenplak. Op de Folgeraleane rjochting De Rottefalle woe se linksôf slaan. Dêrby seach se in auto oer de holle dy't har yn 'e mjitte kaam. De 25-jierrige bestjoerder út Surhústerfean koe de auto fan 'e frou net mear ûntwike.

By de botsing rekken beide auto's slim stikken. De Drachtster frou is mei ferwûnings nei it sikehûs oerbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)