Balkons moatte feiliger

04 apr 2004 - 00:00

Twa balkons yn Skarsterlân moatte ekstra befeilige wurde. Dat docht bliken út ûndersyk fan de gemeente op fersyk fan it ministearje fan VROM. Dy kaam mei it fersyk nei't yn Maastricht spontaan fiif balkons ôfbrutsen fan in appartemintekompleks.

Twa balkons yn de gemeente Skarsterlân hawwe in konstruksje dy't gefaar opsmite kin. De kâns dat der wat bart, is lyts, mar dochs binne oanpassings nedich, sa fine B en W.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)