Aris wint noardlike derby

© Omrop Fryslân
Aris hat sneon de noardlike derby tsjin de Groene Uilen út Grins wûn. It wie in wat rommelige wedstriid mei in soad ûnderbrekkings fan 'e skiedsrjochter. Nei it earste kwart hie Aris ien puntsje foarsprong (23-22). Dy foarsprong waard útboud nei 14 punten.
Oan 'e ein fan 'e wedstriid koe Aris de oerwinning net mear ûntgean. De club komt hieltyd tichter by de oerstap nei de earedivyzje. Der moatte noch fiif wedstriden spile wurde.