Feiling foar doarpshûs Wanswert

03 apr 2004 - 00:00

It âlde doarpshûs Eldorado yn Wanswert is der sa min oan ta, dat der foar hast 160.000 euro oan fertimmere wurde moat. Dêrom waard sneon in feiling hâlden. Mei de opbringst moat de ferbouwing bekostige wurde.

De feiling is troch de ferbouwingskommisje op tou set. 221 Wanswerters deroan meiwurke. De iepenbiere ferkeaping wie sneontejûn yn de loads fan Sjirk Zijlstra oan de Kleasterdyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)