Gjin oar taalbelied Skarsterlân

03 apr 2004 - 00:00

Skarsterlân is net fan doel wat te feroarjen oan it belied foar it brûken fan de Fryske taal. Dat skriuwe B&W oan de gemeenteried. Ferline jier ûntstie yn in riedskommisje in diskusje oer it brûken fan it Frysk yn Skarsterlân. Neffens B&W moat it belied op spontane wize stal krije. Dêrby past net it wurkjen mei twingende doelen en getallen. Nije strjitten krije al Fryske nammen. Personielsadvertinsjes wurde lykwols yn it Nederlânsk opsteld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)