Nije foarmjouwing by LC

03 apr 2004 - 00:00

De Ljouwerter Krante krijt moandei in nije foarmjouwing. Dat betsjut ûnder oaren dat de namme fan de krante tenei yn it donkerblau op de krante stiet. De bekende kleurde balkjes ferdwine fan de foarside.

By de krante is hast in jier wurke oan de tariedings foar de nije foarm- jouwing. De yndieling fan de krante sil ek wat feroarje. Koarte berjochten wurde bygelyks mear by-elkoar set.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)