Konvenant oer better ûnderwiis

© Omrop Fryslân
Goed 30 skoallen út it fuortset ûnderwiis, trije hbo-opliedings en de Ryksuniversiteit Grins ha freed in konvenant sletten. Doel is om in tekoart oan leararen foar te kommen en de kwaliteit fan it ûnderwiis te ferbetterjen.
De ynstellings ferplichtsje har hjirmei ta it meitsjen fan fleksibele opliedingstrajekten foar learlingen dy't it ûnderwiis yn wolle. Ek moat it fak fan learkrêft populêrder wurde.