Gemeentlike regels oerstallich

03 apr 2004 - 00:00

Fiif Fryske wettersportgemeenten lûke har eigen regels foar de feilichheid op passazjiersskippen yn. Skarsterlân, Wymbrits, Lemsterlân, Nijefurd en Boarnsterhim kamen yn 1994 mei in eigen 'passagiersschepenverordening' foar mear feilichheid op it wetter.

Dy lokale regels binne no lykwols troch nasjonale wetjouwing oerstallich wurden. Foar skippers joech it boppedat betizing oan hokker regels se har hâlde moasten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)