Nij kontrakt foar Said Bakkati

© Omrop Fryslân
Hy trainde freed wol, mar hie leaver in kear oerslein. Said Bakkati fan Hearrenfean troude freed mei syn freondinne Selma Sarac. Yn it stedhûs fan Grins joegen se inoar it ja-wurd. It pear ken inoar al fjouwer jier, mar sil no ek echt de lapen gearsmite.
Selma sjocht al geregeld by Said. Mar no't se troud binne wol se tenei alle wedstriden op 'e tribune sitte. Foppe de Haan rekkenet no op in rjochtsback mei fleugeltsjes.