Konsternaasje oer spotsje

02 apr 2004 - 00:00

De reklamespot fan Dam Beton mei net mear útstjoerd wurde op Omrop Fryslân Televyzje. Dat hat it management fan Paul de Leeuw sein.

Yn it spotsje priizget in typke dat in soad liket op Annie de Rooij de produkten fan Dam Beton oan. Annie de Rooij is in typke fan Paul de Leeuw, en is auteursrjochterlik beskerme. Dam Beton tinkt der net oer om de spot fan it skerm te heljen en sjocht de konsternaasje as ekstra publisiteit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)