Skipswrak wurdt fersonken

© Omrop Fryslân
It wrak fan it skip Assi Eurolink wurdt nije wike fierder de seeboaiem ynwurke. It skip leit yn de Noardsee, 75 kilometer ten noardwesten fan Skylge. It sonk ferline jier neidat it tsjin in oar skip botst wie.
Der hat in soad om it skip te dwaan west. Omdat it wrak op in drokke farrûte leit, wie der gefaar foar de skipfeart. Oer berging is ek neitocht, mar Rykswettersteat hat úteinlik besletten om it skip te 'fersinken'.