'Gaswinning tastean yn waad'

01 apr 2004 - 00:00

Gaswinning yn it waadgebiet moat sa gau mooglik tastien wurde. Dat is de wichtichste konklúzje fan it rapport Ruimte voor de Wadden fan de kommisje Meijer. It rapport waard tongersdei presintearre.

De gasboarrings moatte oan strikte betingsten foldwaan en meie net yn striid wêze mei it belang fan de natuer yn it gebiet. De boarrings moatte dêrom plakfine fan de wâl ôf. It Noarden soe in part fan de opbringst krije moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)