Dochs subsydzje foar skipsbou

© Omrop Fryslân
De skipsbou yn it Noarden liket foarearst rêden te wêzen mei de tasizzings fan minister Brinkhorst. Under druk fan de Twadde-Keamerfraksjes sei Brinkhorst woansdei ta de subsydzjeregeling foar de skipsbou te hanthavenjen.
Yn dy saneamde TROS-regeling giet it om seis prosint subsydzje. Dat moat minister Brinkhorst no earne los sjen te krijen. By de besprekkingen woansdei wie deputearre Bijman ek oanwêzich.