Mear beammen om by terp Wommels

31 mrt 2004 - 00:00

Der moatte mear beammen kapt wurde op de terp yn Wommels. Tolve mear om presys te wêzen en dat komt op 44. De terp wurdt op 'e nij ynrjochte en der lizze mear liedingen yn de grûn as tocht waard. Dêrom koe in tal beammen net ferpleatst wurde om't dy liedingen stikken geane. De tolve ekstra beammen wurde ferfongen.

Ut argeologysk ûndersyk hat bliken dien dat de terp yn Wommels út de Romeinske tiid (tusken 0 en 400 jier) komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)