Kloosterman-priis foar Dijkstra

© Omrop Fryslân
De Simke Kloosterman-priis foar it bêste Frysktalige berneboek is dit jier wûn troch Lida Dijkstra út Aldehaske. Dijkstra hat de priis krigen foar it boek 'Mûske myn famke'. Dijkstra hie earder noch rúzje mei de organisaasje oer de kritearia foar de priis.
Sa soe har wurk net oarspronklik genôch wêze. Neffens foarsitter Jan Dotinga fan de organisaasje is it konflikt yntusken bylein. Oare nominearren wiene Berber v.d. Geest en Baukje Wytsma.