'Ict yn soarch smyt banen op'

31 mrt 2004 - 00:00

It fierder ûntwikkeljen fan ict yn de soarch kin tûzenen banen foar Fryslân opleverje. Dat sei Leo Smits fan it 'Adviescollege voor de Markt' woansdeitemoarn op in sympoasium oer ict en soarch yn Ljouwert.

It advyskolleezje is ynsteld om banen te kreëarjen yn Fryslân yn it ramt fan it Langman-akkoart. Bygelyks kin der in grutte provinsjale medyske databank opset wurde mei gegevens oer thússoarchpasjinten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)