Aaisykje mei snein foar it lêst

© Omrop Fryslân
No snein mei der foar it lêst aaisocht wurde dit jier. In kommisje besteande út Hepke Bijman fan de NLTO, direkteur Hosper fan it Fryske Gea en foarsitter Osinga fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten ha dat advisearre oan de provinsje Fryslân.
Offisjeel rint it seizoen 8 april pas ôf. Yn ferbân mei it moaie waar en om't boeren fierhinne klear binne op it lân, is besletten om de datum fjouwer dagen nei foarren te heljen.