Fryske Anjer foar Van Eijk

31 mrt 2004 - 00:00

Corina van Eijk krijt dit jier de Fryske Anjer. De jierlikse priis is foar persoanen of ynstellingen dy't har ynsette foar de Fryske kultuer. Van Eijk is de oprjochter fan Opera Spanga yn 1989. Al jierren regissearret se simmerdeis in opera by Spangea yn Weststellingwerf. Fan it jier wurdt 'Buwalsky, a road opera' opfierd. De premiêre is 21 july.

Eardere winners fan de Fryske Anjer binne Jos Thie en Sytse ten Hoeve.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)