Angelsportklub skrast guon leden

© Omrop Fryslân
Leden fan angelsportferiening Ljouwert, HSV, dy't stikem skubfisk ferkeapje, wurde royearre. De maatregel is unyk foar in angelsportklub yn Nederlân. De skubfisk wurdt, lykas snoekbears, foaral ferkocht oan de hoareka. Dy hat der in soad jild foar oer.
Yn Fryslân is dat ferbean om't hjir allinnich foar de hobby fiske wurde mei op skubfisk. It bestjoer fan de HSV tinkt dat mar in lyts part fan de 7200 leden skuldich is.