Fertochte: spul mei slachtoffer

31 mrt 2004 - 00:00

Foarôfgeand oan de stekpartij op It Hearrenfean ha slachtoffer en fertochte wurden mei elkoar hân. Dat seit de plysje nei't se de fertochte heard ha.

De earste rúzje wie yn de kantine fan de skoalle. Op it skoalplein gie dat fierder. De fertochte hat doe in jirpelskylmeske pakt út in praktylokaal en is nei it slachtoffer rûn. Hy hat de jonge op de hichte fan it boarst stutsen. Mei it slachtoffer is it neffens omstannichheden reedlik goed.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)