Start foar Masterplan Saailân

30 mrt 2004 - 00:00

De gemeente Ljouwert hat tiisdei it startsein jûn foar it Masterplan Nij Saailân. Belangrykste ûnderdiel fan it plan is de bou fan in nij museum op it Saailân. Mar njonken it nije museum komt der romte foar nije winkels en wurdt ek de parkeargaraazje grutter.

Hoe't de plannen der krekt út komme te sjen moat de kommende hjerst dúdlik wurde. Ek de krekte kosten binne noch net bekend. Woansdei krijt de ried de plannen, tongersdei it publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)