De Graaf tsjin Frysk Parlemint

30 mrt 2004 - 00:00

Provinsjale Steaten hawwe net it foech om de namme fan 'e steaten sels te feroarjen yn 'Frysk parlemint'. Dat antwurdet minister Thom de Graaf fan bestjoerlike fernijing op keamerfragen fan CDA-keamerlid Atsma.

Foar de nammeferoaring fan Steaten yn 'Frysk Parlemint' moat neffens De Graaf de grûnwet feroare wurde. Ek de sterke posysje fan it Frysk jout de steaten net de romte om harsels tenei Frysk parlemint te neamen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)