Maartenswouden wurdt park

30 mrt 2004 - 00:00

Talant en Smellingerlân ha grutte plannen foar Maartenswouden. Op it terrein fan de soarchynstelling yn Drachten wurde paviljoens sloopt en yn plak dêrfan moatte 120 huzen, kantoaren en in hotel komme.

De kosten wurde rûsd op goed 76 miljoen euro. Sa'n 170 kliïnten fan Maartenswouden sille op it terrein wenjen bliuwe. It terrein moat wat fan in park-achtich uterlik krije. Yn 2005 kin de bou begjinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)