Jong en âld sjocht nei útfeart

© Omrop Fryslân
Fryslân seach ek nei de útfeart fan prinses Juliana. Jong en âld. Bern fan de Julianaskoalle yn Snits sieten foar de televyzje, mar ek âlderen yn soarchsintrum Meckemastate yn Kollum folgen de tsjinst op in grut skerm.
Foar de bern wie it spannend om te sjen hoe't it der by in keninklike útfeart om en ta giet. Foar de âlderen wie it oars. Se namen ôfskied fan har keningin dy't yn deselde tiid libbe as sy.