Teater ferstanlik handikapten

© Omrop Fryslân
Soarchynstelling Talant giet foar de twadde kear de boer op mei in spesjale teaterfoarstelling foar ferstanlik handikapten. De groep Rakmak spile it nije stik moandei foar it earst yn deiferbliuw De Greidhôf yn Reduzum.
Neffens Talant is der bot ferlet fan dizze foarm fan teater. Ferstanlik handkapten kinne je goed berikke mei saneamd belibbingsteater. De groep Rakmak jout ek foarstellings foar pjutten.